De eigenaar van dit gastenboek heeft het toevoegen van berichten (tijdelijk) uitgeschakeld.
Bericht:

12:57 29-05-2011
Berber Hempenius
TE GEK!! Gefeliciteerd! Gean sa troch! En sleep dy twa tickets binnen.
11:20 29-05-2011
arnold
yeah Roelof op it podium; prachtig. in olympische nominatie. fantastisch man
10:32 29-05-2011
Rianne
WOHOOHOOOHOOOOOOOOOOOOOOOOO
19:01 28-05-2011
Gerard B
Dit sjocht d'r bêst út!
Suc6 moarn yn 'e medalrace Roelof en Marit.
Bouwmantsjes en wyfkes fan 'e Greiden 16 út Warten.
21:21 24-05-2011
harmen brouwer
hey toppers!!!! mooie eerste dij!!!! beukuh op it iselmar!!! setum op!!!!!!
17:13 23-05-2011
B. en J. de Vries -P
Ah goeie, Marit - Roel en ek Anneke;
Tusken in rige prachtige resultaten sit fansels ek wolris in misse dei. Wy folgje it paad nei 2012 mei grut nocht. Dan falt op sneon 21 maaie de Ljouwerter yn 'e bus mei de geweldige "Bouwmeester side" . . . Samen solo . . . prachtich ! Us lokwinsken en alle sukses fierder tawinske! Raerd; Bareld en Janny de Vries - Pietersma.
10:39 27-04-2011
Rob Epping
Marit Bouwmeester
Je beoefent de zeilsport
op geweldige wijze anders doe ik jouw tekort
mag ik jouw foto met handtekening
ik zal er zuininig op zijn hiervan geef ik de verzekering !!
Rob Epping
Burg Martensstraat 5
2806 CJ Gouda
19:02 08-04-2011
Gerard B
Nog efkes folhâlde Marit.
It kin nog wol hear.
Roelof moat dizze kear efkes mei wat mindere rissultaten genoegen nimme.
De bealch d'r nog efkes op en dan sit dizze WB d'r ek wer op.
Bouwmantsjes en Wyfkes Warten
21:49 15-03-2011
Bareld en Janny de V
Ah goeie; Anneke, Marit en Roelof.
Wat in prachtich program koartlyn mei jimme yn it sportkafee fan Omrop Fryslân tv. Mei grut respekt ha wy sjoen en harke. Yn linige petearen mei sportsjoernalist De Boer kamen de bylden boppe fan jimme wrotten en trochsetten nei de top fan de wedstrydsilerij; geweldich, sokke prestaasjes! Mei golle groet, B. en J. de Vr. - P.
10:59 29-01-2011
Gerard B
s**t, s**t, s**t.
Te betiid start. Te graach winne wolle.
Lit dy lju nog efkes in poepie roeke yn de medalrace......
Suc7.
GeBeRo(Er)Pi(Ke)Ma
18:17 28-01-2011
arnold
hé marie;
lit dy net wer ferkatse yn'e lêste pear dagen hin de kop d'r goed byhâlde en do winst it grif. lekker wat wyn bestelle en dan d'r foar gean. wy winskje dy hiel folle súkses fanôf de haadstrjitte yn warten.
dikke tút
08:21 27-01-2011
Gerard B
Hé Marit,

Goed zo. Lit dat Belgische famke mar ff in poepie roeke.
Hâld fol dizze prestaasje dan stiest oan it ein fan 'e wike wis op nûmer 1.

Suk6 fan de Bouwmantsjes en wyfkes fan de Greiden 16 út it skoandere Warten.
17:30 09-01-2011
Lydia Klessens
Hallo Marit,

Gisteren liep ik met jou de halve marathon. Ik hoorde wel dat je zei dat je meer een zeilster bent, maar dat je zo'n zeiltalent bent wist ik niet. In de uitslagen zag ik jouw naam en toen kreeg ik het in de gaten.
Prachtig dat je zo gemakkelijk jouw eerste halve marathon liep. Ik hoop dat ik je nog vaker mag ontmoeten in andere loopjes. Naast zeiltalent, ben je volgens mij ook een looptalent.

Groeten,

Lydia Klessens
00:52 22-12-2010
Bareld en Janny de V
Ah goeie, Marit en Roelof,
Hoe kinne wy it noch better ferwurdzje as hjirûnder . . . Roelof, do no al it "Keningsnûmer" winne. Dat is dochs geweldich mei noch in rige wedstriden yn 't sicht! No ja en dan fansels Marit. Wy fine it topprestaajes om hieltyd wer it poadium te heljen. Jim hawwe grif wol yn 'e gaten hoe grutsk at dizze famylje yn Raerd op jimme is. Blinder, blinder; wat hawwe jimme in kwaliteiten en der foar skrept om dy top te heljen en dêr by te bliuwen. No earst mar efkes genietsje fan Noflike Krystdagen en in Fleurich Ald en Nij. Us bêste winsken foar in Lokkich, sûn, Nijjier. Raerd, Bareld en Janny de Vries - Pietersma.
10:27 18-12-2010
pakebeppearnolde.o.
FANTASTISCH FANTASTISCH FANTASTISCH
D'r binne dochs gjin oare wurden foar.
Roelof dy't SÚPER sylt hat en selfs de medal race wint; In TOP prestaasje.
Marit dy't gewoan goed sylt en al WER op it podium stiet.
Wat binne wy trots op jimme hjir yn Warten.
Genietsje noch mar efkes yn Australië en dan sjogge we jimme rûn de 23e wer yn Warten. Hjir leit wat snie en sa en is it no fakânsje.
Berichten: 121 t/m 135 van de 286.
Aantal pagina's: 20
Nieuwer6 7 8 [9] 10 11 12Ouder