De eigenaar van dit gastenboek heeft het toevoegen van berichten (tijdelijk) uitgeschakeld.
Bericht:

17:21 05-08-2012
Ir. Kroes
Nederlands graag.
23:41 04-08-2012
B. en J. de Vr. - P.
Marit, hast net te leauwen . . . Wy komme niis werom troch Gaasterlân, hearre de radio en . . . Marit B. op in dield 1-ste plak! Moandei de "medalje-race" . . . It is mear as in topprestaasje om moandei sa yn 'e "Laser Radial" te stappen. Wy fine dit - mei dyn gouden topprestaasjes yn wrâldwedstriden koartlyn - no al glânzjend Olympysk Goud. It is geweldich Marit, sa'n prestaasje op it sylwetter lizze. B. en J.
11:10 30-07-2012
Arnold
YES it giet NO oan; noch twa oeren en Marit kin ek los. Fantastiesk dat in famke út Warten oan dy grutte Olympyske Spullen mei dwaan mei. We komme d'r oan Marit; doch dyn best en wy soarchje foar de support. Good Luck from the hole family. It wurdt in spannende wike; mar ek in prachtige wike foar dy; genietsje en lit de wrâld sjen wa'st bist. Go for it. Come on Marit go.
00:23 27-07-2012
B. en J. de Vr. - P.
Tûzenen dreame deroer en do, Marit, bist derby; de Olympyske Spullen! Eins in mearke! Wat hast der foar wurke; geweldich! Prestaasjes op wrâld-top-hichte levere. Noch efkes en dyn nij-seil kin wer omheech . . . Dyn dream! Wy winskje dy prachtige wedstriden ta mei - wa wit - in ereteken. Yn 'e krante en by Niehe ha wy dy lezen en sjoen; prachtich! Wy sitte der aanst foar . . . Bareld en Janny yn Raerd.
17:15 25-07-2012
Debby Heerkens
LIeve Marit,
Ik wil je heel veel succes en veel plezier wensen tijdens de olympische spelen!!!
Go for it!
21:35 21-07-2012
Michiel
Succes!!!
08:50 21-07-2012
Antje
Succes!!!!!
21:52 15-07-2012
ary verhoeff
n protte sukses tawinske...
14:55 31-05-2012
B. en J. de Vr. - P.
Wat bisto in ryk man, Roelof, ast' yn 'e ynterviews stelst, datst nei dyn fûlste fjochtsjen om dat Olympysk plak, no frede hast mei "oan 'e einstreek krekt mis".
Fuortdaliks der efteroan: "Mar wat in geweldige betsjutting hat dizze tiid foar myn ûntwikkeling, foar myn libben hân!" Sa is 't ! De `beleanning` leit aanst ree. Noch efkes en dan supporterje foar Marit. `Marit, de kop derfoar; sukses! B.en J.de V.-P
21:01 28-05-2012
Arnold
Hé Roelof, ik kin in bulte sizze; mar alles wist wol. Wol no allinne sizze: ik bin grutsk op dy.
18:09 26-05-2012
Gerard B
Roelof,
Krekt net........ dat is frustrerend mar ja Rutger wie ff better dizze kearen.
Haw gjin noed d'r binne noch in soart oare leuke dingen yn 'e wrâld.
12:23 17-05-2012
Gerard B
Alle dagen ien of twa plakjes omheech dan is it oan de ein fan de wike it plakje wat we graach allegear sjen wolle.
De bealch d'r op blinder.
Ben stiet ek op it heechste treedsje dat dêr doghge wij net foar ûnder dochs?
Alle Bouwmantsjes en wyfkes fan de Greiden 16 út boantyparadiis Warten.........
23:47 15-05-2012
B. en J. de Vr. - P.
Ah goeie folkje, Marit en Roelof. Wat ha jimme wrâldprestaasjes levere. De iene is topper by de Olymp. Spullen; de oare hat yn 't sicht fan de einstreek tsjinslach. Dat kin topsport ticht op 'e hûd sitte. Sjoch de bywurking fan blessures. Mar de geweldige prestaasjes, dy't oant no ta beskreaun steane, bliuwe. Dêrom Roelof en Marit binne wy grutsk op jimme. Raerd; Bareld en Janny de Vries - Pietersma.
13:55 09-04-2012
B. en J. de Vr.- P.
Ja hear, wat elkenien yn Fryslân, mar wy tinke hast ek wol yn Nederlân, al lang ferwachte hie, stiet dus no fêst. Marit Bouwmeester nei de Olympyske Spullen; Grutte, Grutte Klasse. Mar in WRâLDKAMPIOEN net daliks by dy topprestaasje dizze oanwizing meijaan, is net te begripen. No moat broer Roelof de lêste seilen der fûl byskuorre; hy hat wol deechlik in kâns! In fl. gr. út Raerd fan Janny en Bareld.
00:25 20-03-2012
B. en J. de Vr. - P.
Wat wie it in moaie foto yn 'e Ljouwerter! Do - Marit - de Fryske Sportfrou 2011 en Mem foar dy sintraal op it poadium. Eins hiel bysûnder as wy ús yntinke dat der no op dat plak, middenyn, in `Mem` stean mocht as de earste drager en hoeder fan alle prachtige prestaasjes dy ´t yn `gouden letters skreaun steane`. Marit, do fansels geweldich lokwinske! Raerd, Bareld en Janny de Vries / Pietersma.
Berichten: 61 t/m 75 van de 286.
Aantal pagina's: 20
Nieuwer2 3 4 [5] 6 7 8Ouder